Oanpassingsvermogen
“Mem moat in iPad ha.” seit myn soan.
Ik hie krekt in mobyltsje oanskaft fan de Anbo. Ien mei ferljocht skerm en grutte sifers. En as hy ôfgong krigen jo hast in beroerte. Nei in hiel skoft bestudearjen want alles is yn in fremde taal. Hie ik it einlik troch.
En no moat ik in iPad ha. Sizze de bern. En oars in iPhone of in iPod, dat is ek goed. “Jimme kinne de Pot op.” sis ik; “Mei jimme Pad en Pod.”
“En wat mei dat wol net kostje? It groeit my net op de rech.“
Mar se hâlden oan. “Mem kin dochs ek mei in kompjûterje omgean? Mei dwaan, hear. Net achterbliuwe sa as in protte minsken fan jimme jierren.“
Hoe fier gean myn oanpassingsfermogens? Ik kom ùt in tiid dat Alie, de telefoniste, de pinne yn de gatsjes stuts fan it lytse postkantoarke fan Âldeboarn.
Oanpasse. Dat sil moatte wol ik foar de bern in kammeraat bliuwe.