Parkearperikels
“Nò moat it net gekker wurde,” seit myn freondin; “ik ha in boete krige fan njoggentich euro. En der boppe op noch sân euro fyftich foar de administraasje.“
Ferûngelyke sjocht se de kring rûn. We hawwe wer es in jierdei te fieren, sa dwaande in protte oanrin.
Sûnt begjin jannewaris binne alle strjitten om ùs hinne blauwe zône wurden. Dat hâld yn; elkenien moat in fergunning hawwe om de auto del te setten. Troch dat wy net in auto hawwe ha wy in besikerskaart oanskaft foar de geande en kommende man.
“Mar as er mear lju kommme? Hoe moat it dan?” freegje ik myn man. “Dan freegje wy de buorren om hun kaart.” seit er.
Sa dwaande rin ik de hiele dei de drompel plat by de buorren. Ik ha sa wat de hiele omkriten al hân. Somtiden binne de minsken fuort, dan gean ik wer in doar fjirder (it aerdiche derfan is dat jo komme te witten wa jo buorren binne).
Yntyd stiet se noch altyd lilk midden oer de flier. “Njoggentich euro!” seit se; “En ek noch sân euro fyftich! Dat hie ik sels ek noch wol skriuwe kinnen.“
Wy lûke meielkoar de knip iepen en bliid giet se de doar ùt.
“It kin noch in djûre dei wurde,” sis ik tsjin him; “en dan is men èk noch jierdei …“