Anke
“Hoe vind je het?” freget se. Yn grutte spanning sjocht se my oan.
Anke hat ùs soan skildere. Se hat yn Amsterdam in oplieding folge, spesjaal yn portretskilderjen.
Trouwens, se is fan àlle merken thùs. Set har foar de piano en elke genre spilet se.
In jier as wat allyn ha ik har kinnen leard. Se hie wat oer har wat my oan luts. Wat wit ik net dat ha jo somtiden mei sommige types. Jo kinne net ferklearje wêrom. It is de klean nèt mar ek it kapsel nèt. It komt fan binnenùt.
Hjoeddeis hâld se in eksposysje fan har wurken yn de Vasthi- Hoeve yn Gersleat.
“Hoe vind je het? Is het wat treffend?“ freget se noch es. Ik pak it ùt en wurd opslach emosjeneel. It is in treffend byld fan ùs soan. In pear jier allyn stoar hy ûnferwachts troch in hertoanfal.
Hy sjocht my oan mei in glimke om de mûle. In bytsje foaroer mei in sigretsje tusken de fingers. Op dat stuit hearde ik him dùdlik sizzen; “In knappe fint hè, mem?“
“Hoe hast dat foar elkoar krige?” sis ik tsjin har. “Door dat ik hem heb ontmoet en hem een beetje heb leren kennen.” seit se.
Anke, famke. Do moast yn it Rijks Museum hingje. Alle ferneamde skilderijen sille der neist ferblikke.