Beltsjelellers
Mei in ôfgriislik lûd giet de doarbel. Wit hoe faak sis ik tsjin myn man; “Doch es wat oan it lûd fan dat ding.“
Der komt by: wy hawwe beltsjelellers. In stik as wat opslûpende bern skilje te pas en te oanpas oan. En dan is ùs Max net te hâlden want se komme ommers op syn terrein. De heit fan it iene jonkje ha ik er al es op oan sprutsen. Mar hy koe hast net bykomme fan `t laitsjen. “Jo binne dochs ek jong west nèt?” seit er.
Mar it ploechje wurd grutter en boazet oan. It is nò safier dat wy hawwe de belle ôfsetten. Myn man woe der al stroom opsette mar dat ha ik keare kinnen.
De besite kloppet nò op de finsters. Foar ien ding is it better wurden: we hawwe gjin streamferkeapers mear.
Juster wie it wèr raak. De buorman en de mem fan ien fan de jonges krigen slaande deilis. Hoe ik it doarde wit ik net mar ik sprong er tusken. “Kom yn ‘e hûs.“ rôp ik; “Dan sille wy der yn alle rèst oer prate.“
Eefkes letter sit ik mei de plysje, de buorman en de mem te oerlizzen hoe wy dit yn alle frede oplosse kinne.
Ik wit noch goed hoe ik as lyts famke my der ek oan skuldich makke. Dat moatte wy as folwoeksenen nea ferjitte betink ik my.
Nei in hertlik ôfskie en in foldien gefoel set ik de doarbel wer oan.