Ûnwennigens (2)
Der oerfalt my somstiden in gefoel fan ûnwennigens. Hawwe jimme dat ek wolris? It is in gefoel dat jo net omskriuwe kinne.
It is in oare ûnwennigens die ik as bern hie. Ùs mem woe de hannen wol es frij hawwe en sa moast ik yn de fekânsjes ùtfanhûzje by myn pake en beppe yn Terband. Dea ûngelokkich wie ik dan. Ik wie èk noch nei har ferneamd mar se hie neat mei my. Ik like tefolle op myn mem; dy beide koene nèt troch ien doar .
Mar de ûnwennigens dy my hjoeddeis wol es oerfâlt is oars. Ik ha besocht it ùt te plùzjen. Is it in gefoel fan ûngelokkich wèzen? Mar ûngelokkich bin ik net, myn lea hat gjin krupsjes en foar myn âldens kin ik noch best mei dwaan.
“Hasto dat gefoel somstiden èk?” freegje ik myn suster.
“Nè,” seit se en fynt it mar in fremde fraach; “Do moast er es ùt, ôflieding moast sto hawwe.“ Mar dat is gjin befredichjend antwurd foar my.
It wurdboek seit:
Ûnwennigens;
it kin in gemis wêze fan lang ferlyn as langsme nei wat komme sil
Sille wy it dan mar op it lêste hâlde?