Sibben
“Is it goed dat ik fanne wike in dei kom?” freget se.
Myn suster en ik komme geregeldwei by elkoar, sy is fjouer jier âlder. Eartiids, doe wy as bern by elkoar sliepten -dat wie doe sa- fertelde sy my altiid teltsjes. En by krapte oan in boarterspoppe mocht ik har earm brûke. Dy klaaide ik dan oan wylts sy allang yn sliep fallen wie.
De ferhâlding is altiid goed west. En dat is eins in wûnder want wy hawwe tige ùtrinnende karakters.
Jo moatte fan goeie huze komme om argewaasje mei har te krijen. Emoasjes lit hja net blike. Wylts ik in janker bin. Opstinaat wurd sy net wylts ik tige oprinnend bin. Hja is altiid stabyl en ik it tsjin oergestelde.
Se liket op ùs heit; dy wie krekt sa. Mar ik lykje sprekend fan natuer op ùs mem. Myn man seit gau ris; “Der ha jo beppe Atsje wer.” Hja is tige sunich en ik wol wol res bûten de pot pisje. Oer bern en oantrouwd hat se it noait. En ik mei noch wol es myn sores op it plush goaie. Sa is er in himelskbreed ferskaat tusken ùs beide.
Lokkich is dy earm er altiid noch as ik dy nedich ha soe. It wurd fêst wer in slagge dei mei in advokaatsje en slachrjemme.
Misskien binne jo it wol dy’t fleur yn har libben bringt. Dy, troch mei in soad ûnderwerpen dwaande te wêzen, de kleur yn har libben bringt. It is moai as susters goed kinne. Faak bin iksels ek wol fernuvere hoe bern út itselde gesin sa fan inoar kinne ferskille.