Epilepsy
“Komst ûnder?” rop ik ûnderoan de treppen. Us soan komt elke dei syn waarme hap heljen. Dat giet al jierren sa ta alle te fredenheid.
Ik rop noch es; “Komste?” Mar hy reagearet net. ‘Dat doocht nèt.‘ tink ik by my sels; ‘Dèr is wat oan de knikker.‘
En sa fyn ik him ûnder it buro. Tige ferkrampe leit hy op de grûn, it skom om ‘e mûle en blau oanrûn.
Ik skilje mei de dokterswacht. It frommeske moat earst fan alles witte. Wylts ik panikerich der troch hinne raas; “Hy hat in hertoanfal krige!”
Efkes letter –foar myn gefoel fierste let– stean hja by him. Yntiid is hy by kaam en sjocht fernuvere nei de minsken om him hinne.
Dat wie foar him en ùs it begjin fan jierren lange epileptise oanfallen. It kaam altyd unferwachts. Mei in kaartsje yn de bûse mei al syn bysûnderheden gong hy troch it libben. Hy en wy learden der mei omgean. Sels hie hy it alhielendal aksepteare.
“Se hawwe my wer fûn, mem.” sei er dan; “Nò by de kassa fan de supermarkt. Hja wiene der sa aerdich foar my, ik krige ek noch kofje.“
It is de Wike fan de Epilepsy. Wy sille gol jaan want wy witte wat it is. Jild is hurd nedich foar ûndersyk en sûnder de stipe fan kollektes en giften rêdde hja it net op.
“Komste? It iten is rè…“