Misse
“Ik sil him nèt misse.” seit se opstannich.
In goekunde fan my hat koartlyn har man ferlen. Ùt fatsoen kondolearje ik har en sis ûnnoazele wurden sa as ‘sterkte‘.
“Ik sil him nèt misse.” seit se noch es. It trouwen mei dizze man wie in fersin. “Mar ja, hy hie in goeie baan en in goed ynkommen. Mar nò sil ik ùt it libben helje wat er noch ùt te heljen is. Ik moat nò de skea fan al dy jierren ynhelje.“
“En wat wolst dan dwaan?” freegje ik nijsgjirrich.
“Ik sil mei freonen in cruise meitsje nei de Skandinavyske lannen. Nò, ik moat fierder, hear.” seit se; “Ik moat noch safolle bepakke.“
“Hoe soe har man him al dy jierren field ha?” freegje ik my ôf. Hat hy ek wat mist yn syn libben?
Wat is misse?
Misse.
– Dat kin ik misse as luzen;
– As pine yn ‘e mûle;
– As in libbende mûs yn de ûnderbroek.
Seit it Frysk Wurdboek. As mis ik wat en hat it mei hiel wat oars te krijen?
“Wêr wie sto?” ropt er; “Ik miste dij …“