Op libben en dea
Ier en betiid wurd ik wekker troch in protte geraas fan aksters. Yn de grutte beam achterhûs sit in nest jongen.
Ik draai my om en wol my der net mear oan steure. Mar it geraas wurd fûler. Ik moat er mar ôf en strompelje yn nachtklean mei in slûge kop nei bûten.
En ja hear; der sit in dikke reade kater ûnder de beam. Ik gryp de biezem en gean er achteroan. It aksterpear sjocht fan grutte hichte nei it wûnderlike minske ûnder de beam. Wat soe der yn hja omgean? Ik beslùt yn hûs te gean.
Mar as hiene se it yn ‘e gaten it geraas bejint op ‘e nij. Op bleate fuotten flean ik er hinne en nò is it de swarte kat fan de buorlju dy ûnder de beam sit. De flibe rint him ùt de bek en triljend stiet er omheech te sjen. Ik pak de moatteklopper en draaf achter it bist oan.
Letter op è dei sjoch ik de kat fan de buorlju lang ùt op de grûn lizzen mei in akster foar him en in akster achter him. Hy kin gjin kant mear ùt. “Dit is wrake.” tink ik by my sels. “Toe mar, jonges.” sis ik tsjin de aksters; “Set him op.” De kat jout ûnder fûl protest belies.
Er komt in foldien gefoel oer my. Ik ha in keppel aksters it libben rêdden.
“Wat in drokte.“ seit hy; “Aksters binne dochs rôffûgels?”
No èn …
Wat een mooie taal toch dat Fries
Der bin ik dan èk hiel wiis mei it is de taal fan myn wêzen myn bestean…
Witte jo ek de namme fan de tekener fan it plaatsje of wêr’t it út komt?
De tekener: http://mattdawsonblog.blogspot.nl/2009/02/moggy-magpie-if-instinct.html
Matt Dawson hjit de beste man. 😉
Tank!. De tekening is noch net sa âld. It die my tinke oan in lêsboekje fan froeger kwa styl, mar dêr sieten wat kleur aksinten yn..
It docht my tinken oan: Kirgami japanske papierknipkunst.
Mar ik wit it ek net fansels.
It hat ek wol wat fuort fan de tekeningen fan Fiep Westendorp. De tekener fan Jip & Janneke. Bytsje deselde stiel.
http://www.fiepwestendorp.nl/fiepamsterdam/