De Chileenske
In pear strjitten fierder op wennet in Chileenske frou. Gauris meitsje ik in praatsje mei har.
In jier allyn ha ik har foar it earst metten. Ik hie in flierkleed kocht en hie it swiere kring oprolle yn myn boadskipweintsje. Fansels gie dat mis. Mei grutte muoite sette ik it hieltiid wer tebek yn de karre.
“Kan ik u misschien helpen?” frege se. Der stie in behindich donker frommeske foar mij mei in blier gesichtsje.
Tegearre bringe we de karre mei it kleed thus. Ûndertusken fertelde se my dat se ùt Chili kaam. Se hie har man in Nederlander metten yn har heitelân. Op myn kompliment dat se sa goed de Nederlânske taal behearske seit se: “Ik ben onderwijzeres en geef onder andere Franse les aan scholen.”
We krigen it kleed thus. Fan doe ôf oan makken wy regelmjittich in praatsje. Oant ik har juster wer moette.
“Mijn man is intussen overleden.” seit se fertritlik; “We hebben samen tien gelukkige jaren gehad. En nu ga ik weer les geven want een mens moet in zulke omstandigheden afleiding zoeken.“ Earst sil se mei fekânsje nei har heitelân.
We nimme hertlik ôfskie. “Maar ik kom terug.” seit se.
“Ik wol mei fekânsje nei Chili. Dat is san prachtich lân en der wenje sokke aardiche minsken.” sis ik tsjin de man.
Hy sjocht my fremd oan. Hy kin my nèt altiid folgje …