Feralterearre
De telefoan giet en oan it lûd hear ik dat er wat oan ‘e hân is.
“Is er wat?“ freegje ik.
“Gerrit is stoarn. Wit mem wol; myn buorjonge.“
“Hoe is dat mooglik?“ sis ik, fol unbegryp.
“Hy wie op fekânsje nei Yndonesië. It wie syn lêste dei en hij soe nei hûs. Doe krige hy in hertoanfal.“
In skoft allyn hie Gerrit fan syn heit de flat erft. En hie him hielendal ferbouwe mei de nijste snufkes. En no wie der klear en koe der mei syn freondinne der yn lûke. As ôfsluting woe hy earst noch in reis meitsje nei Yndonesië.
In pear jier allyn hat ùs soan syn oare buorman fûn mei hertfalen. De stim troch de telefoan klinkt heas; “Mem, it wiene beide fjirtigers!“
“Kom mar eefkes.” sis ik; “Dan hawwe it er even oer.”
Hy is krekt thus. De koffers bliuwe stean. Moarn mar wer sjen …