Ja, ik ûnthyt
“Diederik Samson sil skiede.” sis ik tsjin myn man. “Ach, ja.” seit hy; “Hy is ek in gewoan minske.”
“Ja, mar dat wie san aerdich gesin, wist noch wol?” “Nè, der wit ik neat mear fan.” seit er. Nò, ik noch wol.
It filmke wie in soart ferkiezingsstunt tink ik. It wie in toanbyld fan gelok, hoe sy tegearre de hushâlding diene. De taken wiene dùdlik ferdield. En dochs gong it mis.
Der wurd hjoed de dei hiel wat ôfskieden.
“Myn buorman is twa kear trouwd west en syn relaasje ek. Hja binne osa gelokkich wurden.” sizze se. Yn ùs freonenrûnte binne ek hiel wat pearen ùtelkoar gien. Ta grut fertriet fan de neiste sibben.
Mar der tsjinoer stiet dat in min houlik èk in hel wêze kin. Dan is it better foar beide partijen om net mear tegearre fierder te gean.
Mar giet it tsjintwurdich net wat maklik? freegje ik my ôf. As alles foar de wyn giet dan is it gjin kunst. Mar komme er soargen. Binne hja der dan tsjin opwoeksen?
Ûs libbenshûs ha ek wol es omraak skodde, sa dat ik tocht: it falt om. Stoarmen en swiere buien hat it troch stean moatten. Mar it hûs wie op steviche fûndaminten bouwt en koe hiel wat hawwe.
Hoe dan ek, ik gun eltsenien syn gelok. Der hat dochs elk rjocht op?
“Ja, ik ûnthyt” … Hâlde dy wurden hjoeddedei noch wat yn ?
Maar voor geluk hoef je niet te scheiden. Mensen vergeten wel eens dat ze ooit verliefd waren, en voor altijd met elkaar wilden samenzijn. En dan gebeurt er iets… de een wordt beroemd en de ander wil privacy. Kennelijk zijn ze niet meer bereid of bij machte, om terug naar die begin gevoelens te gaan. Te praten. Ieder huwelijk zal wel een crisis hebben neem ik aan, dan pas weet je of je met elkaar kunt leven. Maar mensen zijn niet meer afhankelijk van elkaar, denken dat ze altijd dezelfde verliefde gevoelens van het begin houden en die onhebbelijkheden nog… Lês mear »
Bist op dyn eigen gelok ùt of de oare? It bliuwt in dreeche matearje…
… In hûs boud op in stevich fûnemint dat net ynstort by swier waar. … In hûs mei muorren dyt je stypje en omearmje mei waarmte. … In hûs mei in dak boppe je holle dat je beskermt en de sinnestrielen opfangt. … In hûs boud mei dreamen, tinken, doare, dwaan en trochsette. … In hûs fol mei in waarm hert. … In hûs mei in tafel om te prate en in hok om net te hoeven prate. … In hûs mei in bêd om te frijen en in bank om neist elkoar te sitte. … in hûs dat soms… Lês mear »
Wat in moai fers {gedicht} fan wa is dat, as is it fan dy sels?
Mar wat wier, in echt libbenshûs. Wat er ek barre kin yn jo libben jo kinne altys thus komme.
Ik ha it opslein dan kin ik it noch es oerlêze.
Ik ha it sels optocht. Ik bin benijd wat it hûs noch yn petto hat as it âlder wurdt.
As it mar solide boud is, op fûnaminten dy sûnder wryt of slyt binne. Dan sil it lang oerein stean bliuwe.