Jûntyd
It is al let yn de jûn en deastil om my hinne. De buorlju binne noch op fekânsje. De fûgels hawwe al betiid in plakje socht foar de nacht. De minsken om my hinne binne ta rêst kaam.
Ik genietsje.
Ik ha it gefûl dat ik allinnich op ‘e wrâld bin . Alle swirrichheden fan dy dei binne fergetten. De moaie mominten nimme gruttere foarmen oan. Ik hear allinne myn eigen sykheljen, in hûn yn ‘e fierte lit fan him hearre.
De reboelje yn it Midden-Easten is fier fuort. Ik bin allinne en waan my earne wer`t allinne mar frede hearsket.
Mar yn ienen hear ik wat, in sêft gerûs lûkt myn omtinken. Dan sjoch ik in bist foar myn fuotten lâns skowen. Ik sit dea stil en doar my net te bewegen.
Is it in stikelbaarch? Mar nè, ik sjoch noch ris; it is een hiel lang bist mei in noch langere donkere stut. Ta myn grutte ferheardens is it in Muskusrôt . Hy sjocht net op noch om en kuiert rêstich troch.
Ek ik, ik gean yn hûs. Ik kin de wrâld wer oan …
Zo’n beest brengt je weer terug in de werkelijkheid.