Kleme
It is mids yn `e nacht. Ik bin klear wekker en kin my net mear deljaan.
Hoe soe it mei de soanen gean? Ik ha in skofke neat fan hun heard. No ik dochs achter it skerm sit moat ik mar efkes kontakt siikje. Myn man sliept as in poep en Max is ek allang yn it hûnedreamen lân.
Earst mar efkes chatte mei de iene soan, dy libbet meastal ‘s nachts.
“Hoe wie dyn snein?” sil ik sizze. Dat is altyd in goeie ynkommer. Stoef sit ik nei it skerm te sjen. Mar der komt gjin asem. Noch mar es besykje. Miskyn sit hy yn in spannende film. It is ommers sneintenacht? Noch gjin reaksje.
Dan mar sms-se nei de oare soan; dy is grif wekker. Hy sil wol allinnich yn it tsjuster yn de stjûrhut sitte en dikerje nei it radarskerm. Mar ek dy jout gjin krimp.
Dan yn ienen hear ik hja mei argewaasje sizzen; “Mem moat ùs nèt sa kleme, hear! Wy moatte ùs eigen libben belibje.“
Mar wèr bin ik dan yn de goedichheid mei dwaande ?
Noch efkes sjen. Min wit mar noait.
Dan doch ik it ljocht ùt.
Dizze maneuvels komme my bekend foar. Op Youtube stean hiele moaie ferskes dy jo nachts mei sjonge kinne en je sliepe dêrnei as in prinsesse.
Wist ik mar hoenear sto ek by de pinken wieste dan koene wy tegearre efkes keuvelje…
Mar betanke foar de tip.