Demintens
We hawwe de Wike fan de Deminsje. Tige wichtich dat der wrâldwiid oandacht oan bestege wurd. Wy hawwe dat deunby meimakke.
We hiene it earst net troch dat er wat mei ùs mem oan ‘e hân wie. Ûngemurken as in dief yn ‘e nacht slûpte de kwaal yn har libben.
It begong mei argewaasje en mistrouwen. Se begong easkerich en twingerich te wurden. It wie altiid in minske mei in soart gekjaaijerij. Mar dat wie foarbij, se waard lilk en dwers.
We diene alles foar har.
Wy hiene allegearre in antwurdapparaat oanskaft. Se skille ùs dei en nacht. Tafeltjedekje krige har hûn Bijke, dy hat in bêste tiid by har hân. Ùteinlijk kaam se yn Stellinghaven telânne. En mei de juste medikaminten waard se wer de fleuriche frou dy sy altiid west hie.
Allinnich, it unthâld wie foart. Se tocht dat se by in goeie boer en boerinne wie want se wie boerefaam west yn har jonge jierren.
Wy hawwe nea tocht oan libbensbeeindigjen, dat soe sy nea wolt hawwe.
“Do likest as twa drippen wetter op ùs mem.” seit de famylje.
Nèt yn alles, wol?