Diederik Samson
Midden yn in kloft minsken stiet de foarman fan de PvdA, Diederik Samson. It is sneontemoarn, wy binne oant it boadskipjen.
Mar dit moat ik sjen want dy lju kin min allinich mar fan de televyzje ommers? In mannichte sjoernalisten en fotografen steane te triuwen om mar in glimp fan him op te heinen. Ik kring my der tusken en doch krekt as bin ik in ferslachjouwster.
Yn ‘e fierte stiet de soan nei my te weauwen, hy wol opsjitte. Mar ik bliuw stean: san kans kry ik dochs nèt wer!
Omrop Fryslân stiet foar my en benimt my it sicht. Ik wrot in eintsje fierder mar stean dan achter de brede rech fan de Ljouwerterkrante. Dan yn ienen stean ik lyk foar him.
Ik wiuw nei de soan en meneuvelje dat hy in foto meitsje moat fan Diederik en my. Mar hy sjocht de oare kant ùt. Ik tink dat ik efkes nèt syn mem bin.
Mei einleas geduld leit de man ùt wêrom de JSF der komme moat. Ik kry begrutsjen mei him, hy sjocht er wurrich en skraal ùt. “Soe der wol op tiid syn rêst en waarm ieten nimme?“
Dan is it foarby. De kloft minsken falt ùt ien. De parse moat sjen dat sy optiid komme foar it jûnsjournaal. In frou ropt noch; “Sukses, Wouter Bos! Ik sil op jo stemme.“ en foart is hy. Hy moat op tiid yn Swolle wêze.
Spitich. Omrop Fryslân hat my oer de holle sjoen.
Foto’s; Soan D.
Haha, wat moast ik laitsje doet ik my dit alles inbylde, en op het momint fan in foto gjin soan te sjen die der oandacht foar hie, dat sil je dan krekt barre….