Minderweardichheid
“Ik ha dat tsjin oer froulje.” seit de soan.
Wy sitte yn ‘e tun mei in glêske wyn. It is wat net faak foarkomt: in fertrouwlik momint.
It is stil om ùs hinne. In part fan de minsken binne noch fuort. Allinne de fûgels minge hun yn `t petear. Ynienen seit er; “Ha jimme dat èk wol es? Dat sto dy minderweardich fielste?”
“Ik wol.“ giet er fierder; “Ik ha dat mei froulje. Ik slach ticht as de oandacht op my falt. Dan slaan ik de grutste unsin ùt.“
“Ja, dat hie ik ek.” seit myn man; “Altyd lêst fan hân. Allinne by jimme mem wie dat oars. Mar dat is in oar ferhaal.“
“Ik hie eartiids muoite mei learen.“ ming ik my yn `t petear; “De bern fan de notabelen wiene altiid better. Der koe ik noait tsjin op. Mar dat wie mear in maatskiplike swirrichheid, tink ik.“
“Wost noch ien?” freegje ik him. It giet nò es nèt om ùs. Dêr wol ik mear fan witte. Mar it momint is foarby. Hy hat hiel efkes it kleed omheech hâlden. Wiene er mar mear fan dy mominten want wat witte wy yn wêzen fan him, allinnich dat it in bêste jonge is?
De fûgels begjinne lûd te tsjetterjen. Miskyn is der èk ien by dy him minderweardich field.
Wa sil `t sizze?