Utstrieling
Ik gean der by sitten de winkel stiet grot fol.
In pear lju hingje ferfele tsjin de muorre. Ek steane guon bûten te smoken. Yn ‘e hoeke ha in pear manlju it oer it fuotbaljen en kinne it dùdlik net iens wurde.
Twa froulje mei holledoeken om kringe foar mar wurde troch de winkelbetsjinner taktysk tebek set.
In mem mei in dochter binne oant hakketakjen, sy wol perfoarst linzen. Mar de mem fynt har noch te jong foar dat eksperimint.
Dan falt myn each op in koer mei ôfpriisde monturen. Alle kleuren fan de reinbôge komme my temjitte. Se moatte se kwyt fansels want der is neat sa ûnderhevich oan mode as in bril. De iene nei de oare set ik op, ta grutte hilariteit fan de omstânstanners. Eltsenien begjint him der mei tebemuoien. Dan ha ik in giele en dan wer in reade op ‘e noas. Dan yn ienen sjoch ik in pikswart montuur lizzen en sis tsjin de omstanners; “Dit wurd him.“
De iene seit; “Nèt gek.” In oare fynt it te oerdreun. Ek de winkelman seit: “Jo binne hjir gau wer dit sil jo tsjinfalle. Mar ruilje kin jo net.“
Wat bin ik gelokkich mei myn nije bril! Wat jouwt it in utstrieling! De minsken sjoche my wer stean!
En hy hat noch neat sjoen. It is in bêste man mar hy moast allinnich wat tûker wêze …