Hoeno; krisis?
“Goeie!” rop ik nei myn buorman.
De man dy ik allinnich mar kin fan de hân omheech. Hy is mitseler en troch de krisis yn de bou hat hy dien krige. Wy komme gauris elkoar tsjin as ik Max ùtlit en dan meitsje wy in praatsje. En sa kom ik mear fan him te witten.
Syn frou hat no in baan fûn. Eltse dei ier en betiid giet se mei de auto fan ‘e baas der op ùt. Mar ik moat ta jaan: it hat noch nea sa oprêdden west om ‘e doar. En as hy net oan it harkjen en feien is, dan is hy oan it fuotbaljen mei de jeugd.
Regelmjittich kom ik in jonge man tsjin achter de bernewein. Ek hy is ûntslein. Hy wurke by in bank. Syn frou makket no gebouen skjin. Op ‘e neimiddei giet se fuort en komt yn `t tsjuster wer thus.
“Ùs libben hat in hiele feroaring ûndergien.” seit er en stoppet de poppe noch es goed ta. “En?” freegje ik; “Rint it wat?
“It moast âlderheislik wenne. Ik wist neat fan hùshâlden. Jûns ha ik it ein yn ‘e bek. It is bûlgjen. Myn frou en ik lizze dan fertutearze op ‘e bank. Mar wy rêdde it tegearre wol op.“ seit er.
Ik rin fierder en bin djip ûnder de yndruk fan sokke lju.
Hoeno; krisis?