Stofsûgerje
“Ik wol in stofsûger ha sûnder sek.” sis ik tsjin myn man. “Hoe nò?” seit er; “do hast dochs in goeie?”
“Ja mar,“ sis ik; “dy sek is altiid fol. En djûr binne dy kringen! Dat skilt in heel stik yn ùs budzjet.”
“Do moast ekonomysk tinke, yn dizze tiid.” sis ik.
“Ast er sa oer tinkste dan moast in feger en tùchblik nimme krekt sa ùs memmen diene.” seit er.
In grutte superwinkel hat ien yn de oanbieding. Krekt in priiske foar my. Wat dy allgearre net kin, der stean jo fersteld fan.
Hy hat in moter fan 1300w, in hege prestaasje, dat kin min net fan eltsenien sizze. In transparante stofkontainer mei multi-keamersysteem. Wat soe dat betsjutte? Teleskopyske buis mei in protte bergromte foar de losse mûlestikken.
“Hâld mar op.” seit er; “Dy kennende hast him allang achter ùt setten.“
Myn freondinne sei; “Jij moet een draadloze kopen. Die zijn zo handig! Die redt zichzelf. Ik zet hem aan, ga de deur uit en als ik terug kom is alles schoon. Daarentegen zijn de honden en de katten zoek en ligt de kanarie amechtig in de kooi.”
Allinne de Perzyske kat sit op it draaiende lid fan de stofsûger. Hy kriget er mar gjin genoch fan en waand him op de Pinkstermerke yn Âldskoat.
Ien ding is wis; it tùchblik komt er nea wer yn.
Ja hjer, sok soart meanmasjines ha je ek. In triedsje is genoch om him op it hiem te hâlden. Mar ik ha ien ut tûzenden, sûnder sek en ik kin him wol oanriede. Der kin in protte yn en je kin ek nog kieze tusken in mantsje of in froutsje. Se ha al in namme, ik woe fansels in mantsje, in mantsje sûnder sek. Syn namme wie Henry, it stiet der ek op, Mar ik neam him Slurfje, syn troetelnamme dus. Hy hat moaie grutte eagen en altiid in ‘big smile’. ek noch wylst ik him alle hoeken fan’e keamer… Lês mear »
It is klear kaam. Grutsk stiet er midden oer de flier. Mei snoer mar sûnder sek.
Ik ha gelok. Myn man hat sels betocht dat hy sa ien wol… 😉
It is in grut sukses, wy misse al twa flierkleden, sa goed is hy….
Oei, dat wurdt in cruise nei Izmir (Smyrna) en Istanbul om nije flierkleden.
Giest mei dan kinne we noch es wille ha !
Ik sjoch ús al. Op de sneup en mei alle ferkeapers oan it ûnderhandeljen en op de cruise sjen litte wat wy no wer skoard ha.
Kinst sto goed ôftingje, ik wit wol hoe ik de manlju ynpakke kin.
Jo man moat ook mar mei. Hy moat tsjin de kleden oansjen (en ek foar het jild). Jo en jow man binne krekt safolle jier troud west. Dus it kin net oars of de cruise moat begjinne yn romantysk Venetië.
Mar it Cruiseskip sil wenne moatte, wy binne hjir yn it feangebied turfskippen went.
Ik fyn it skûtsjesilen ek machtich, mar in cruise is ek net ferkeard.
Jo moat der noch wol wat op útfine dat jo man oan de gong bliuwt op de boat, oars giet hy de hiele dei by it swimbad sitten om nei de moaie froulju te sjen.
Mar ja, oan de oare kant, miskien falt der foar ús ek wol wat te sjen, mar “Wel kijken, niet kopen”.
Ik wol allinne mei dy oan it miel sitte by de kaptein … oars gean ik net mei!
Ite mei de kapitein wurdt him net. Dêr ha wy it fiersten te drok foar. Boppedat kin hy better yn de stjoerhut bliuwe en soargje dat de boat net wibelt.
Ik tink dat wy op de boat nei de massaazje, skientmespesjaliste, pedicure en kapper moatte. En nei de film, it teater en op dûnsles. De fitness apparaten litte wy mar stean. En alle restaurants en bars besykje. En ek noch flierkleden keapje….
Foar dat wy geane moat ik earst noch in djûre bikiny keapje, mei bypassend kimono en toffels, ik sil nò ek goed ùtpakke. Min makket soks ek mar ien kear yn jo libben mei.
It soe moai wêze.