Wa binne jo?
“Wa binne jo?” freget se.
Kreas yn ‘e klean en it hier as kaam se krêkt by de kapper wei.
Se stiet foar my in dame as altyd. Jierren allyn learde ik har kinnen. Hja siet yn allerhande bestjûren en koe goed har wurdsje dwaan. Ik wie yn ‘e grûn fan myn hert in bytsje skrutelich foar har, se wist safolle. En koe dat ek mei oertsjûging bringe.
Yn Aldeberkeap is de âlde lânbouskoalle ferbouwd ta in prachtich rêsthûs. Oerâl is mei de pasjinten rekkenhâlden. Alles sit yn de wite ferve en de muorren binne beklaaie mei fleuriche skilderijen.
Under in bakje kofje hat se it oer eartyds. Hoe sy har man learde kinnen. En wert hja troch de jierren hinne sa al wenne hiene. Mar it hjoeddeistiche bestean is fuort.
By it ôfskied seit se mankelyk; “Wa bin ik? En wa binne jo?”
“Dat wit ik bytiden sels èk net.” sis ik.
Se glimket…