I love you
Is it jimme wol es opfallen hoe faak de Amerikanen stjin elkoar roppe: “I love you.”? Te pas en te ûnpas wurd it sein. It heard by hun kultuur.
Wy sizze dat nèt sa faak tsjin elkoar; “Ik hâld fan dy.“ Wy binne as Friezen der te nuchter foar mar it kin ek ùs natuer wêze.
Ik betraapje my der faaks op dat ik oare termen brûk. Sa as; “Fersichtich hear!” En; “Pas goed op dy sels!“
Wêrom sizze wy nèt; “Ik hâld fan dy“?
Allinne as wy jong en fereale binne? “Wêrom seist sto dat net es tsjin my?“ freegje ik myn oare helte. “Dat wist wol.” seit er; “Dat hoech ik net te sizzen.”
En jimme soanen, wannear hear ik dat es fan jimme? “It moat bliken dwaan ùt it omgean meielkoar.” seit in soan.
“Leafde is mear as wurden.” sei Fedde Schurer.
Leafde is yn leafste oanwêzichheit,
bergje en burgen fiele,
leafde is in strekdaam fan feilichheit,
leafde is drage en diele.
Leafde is mear as I love you.