Jelmer
“We sille snein lekker ite.” seit ùs mem. “Wat dan?” freegje ik.
Ik wie de jongste en wie noch al in pizerich bern. Myn bruorren iten alles wat er foar hun delset waard. Ik moat sizze, ùs mem hie gjin gefoel foar koaitsjen. It wie allegearre sljocht wei hinne.
Pankoekbakke, dat koe se omraak. Fan alles grymde se der troch hinne. En dan bakte se safolle dan moast de hiele buorren mei ite.
Mar no soe it heve.
Al dagen wie se yn`t spier. Fjouwer petroaljestellen op in rigele. Der kaam nij swilk op tafel en Beppe har servys. Ùs heit die hiel wichtich en helle it bist omslachtich ùt de panne.
“Wat is dat foar fleis?” freegje ik wantrouwich. “It koe wol in ein wêze.” seit myn broer. “Nè, in hazze.” seit myn oare broer.
Ynienen giet my in ljocht op. Soe it Jelmer wêze kinne? Myn knyn der `t ik it hiele jier foar soarge hie en alles mei dield en bepraat hie ?
“Hy wie no op it goeie gewicht.” seit er. Treasteleas wie ik. We hawwe nea wer in Jelmer hân.
Ach, Heit… ik wit it wol: it wie oarloch.