Lekkerij
“Wol mem in badkeamerkastje hawwe?” freget de soan; “Ik ha it krekt oanskaffe mar it past net.”
“Mar past it wol by ùs?“ freegje ik.
En sa stiet efkes letter nei wat hin en wer skowen it kastje ûnder de wasbak. ‘Foart mar ynromje‘ tink ik by my sels. De baddoeken, waskhantsjus en de sjjppe; it kriget allegearre syn plak. Grutsk streakje ik der noch es oerhinne.
Nei in hoartsje dochs mar efkes sjen. Mar de brot stiet ûnder wetter. De ynhâld fan it kastje driuwd my temjitte.
“Hast te folle kracht setten.” sis ik tsjin de soan. “Nè,” seit er; “it spul is gear. Der moat in reparateur komme.”
“Mar foarhinne lekke it nèt.“ gean ik er tsjin yn. “It hâld in kear op, mem.” seit er. Ik lit it mar yn`t midden.
Oer in wike sil in makker komme. Wy waskje ùs nò by it oanrjocht. ‘Ach, dat kin dochs èk wol‘ betink ik my. Eartiids moasten wy ùs dochs waskje yn in âfwasktopke?
Mar it is kringen yn de keuken mei al dy neakene minsken. Lekkerij? Ach wat … it is ek noch gesellich. Jo komme mekoar noch es tsjin.