Trije Keningen
Mei in karre fol lege flessen besykje ik by de container te kommen. Bergen krystbeamen lizze hjir en der ferspraat oer de wei. Grutte en lytse, se lizze allegearre troch elkoar.
Wylts ik by de bulte stean te sjen komt in âld mantsje by my stean. “Der is noch gjin earmoede, hè?” seit er en knikt nei de bulte beamen.
“Miskyn binne der wol minder as ferline jier.” sis ik. “Wol nè.“ seit er; “Se wurde yn it tsjuster hjir del kwakt. Dan binne se der mar fan ôf.” Skodholjend rint er fierder.
Yn ienen sjoch ik wat glinsterjen tusken it grien. Underoan sjoch ik in heal ôftuge beam lizzen. De pyk is heal ôfbrutsen. Mar dan sjoch ik werom ik wat glinsterjen seach; it is ingel fertize yn de tûken. Ik wrakselje my der troch hinne en lûk mei alle macht de beam er ûnder ùt. Wa smyt nò san beam fuort? Ik wrot him op ‘e karre en mei in protte geheister stiet er achter yn ‘e tùn.
De ingel wurd behimmelje en komt by syn maten yn ‘e doaze .
Soe der dan dochs mear wêze tusken Ingels en Keningen? It is ommers 6 jannewaris ?