De gelokkigste tiid
“Wat wie de gelokkigste tiid fan dyn libben?” freget myn freondinne.
Under de kofje sitte wy wat te filesofearjen. It is stil om ùs hinne en it momint foar sokke gewissefragen. Ik wit it nèt. Fansels binne der genoch mominten west dat ik my lokkich fielde. Mar ik bin se fergetten.
Fremd is dat. Wêrom kin ik se net beneame? Sy hat it oer bern en de man wer`t se mei troud is. Mar ik siikje it yn oare mominten fan myn libben. Djippere gefoelens.
Somstiden wie ik echt gelokkich. As myn heit my oer de holle streake en ik op syn knibbel sitte mocht. Ik kin noch it ritme fiele hoe de knibbels op en del gongen en ik sjonge moast. Sa as ik by him achterop de fyts nei Pake en Beppe yn Tsjalbert gong. “Sjong es efkes?“ sei er dan en nûndere boppe it lûd fan de trapers ùt.
It gelokkichste momint? Ik kin it nèt beneame. Wat is dat dochs fremd. Wylts sy noch oan it opsomjen is pinigje ik myn hersens. Wêrom wit ik it nèt mear? Wêrom wie ik op dat stuit my nèt bewust fan dy mominten fan lok?
It sil oars. Ik sil bewuster libje moatte en dy mominten koesterje. “En?” freget se; “Bist er al achter?” “Nè.” sis ik.
De gelokkigste tiid? De tiid sil it utwize.