Mei de itenspanne op skoat
Hearkes, hearkes… wàt in spanning.
Wy sitte sa as safolle lju foar de televyzje. Der mei net tusken troch praat wurde en de hûn mei net blaffe. Wy hawwe beide ùs favoryten. Myn man hat oare favoryte atleten as ik.
Myn favoryten binne twa hurdriders ùt Âldeboarn; Jorrit Bergsma en Daan Breeuwsma. It bloed krûpt wer `t it net gean kin. Dan bin ik wer Boarnster, dat moat ik ta jaan.
Myn man hat dat net. Hy hat neat mei syn berteplak. En op it spannenste momint seit er; “Wat sille wy ite hjoed?” Nitelich sis ik; “Krij sels mar wat.”
‘Hoe kin dy man oan iten tinke as it sa spannend is?’ freegje ik my ôf.
Nei de huldiging sitte wy beide mei de itenspanne op ‘e skoat foar de telefysje. Hjoed wie it snert, juster wie it makaroany.
“Sille wy soks faker dwaan?” freegje ik him; “Dan ha wy ek gjin gedoch mear.“
Mei de itenspanne op ‘e skoat. It hat wat en Jorrit is brûns wurden. Wat bin ik grutsk op dy jonge ùt Âldeboarn.