Idealistysk
Och, wat bin ik bliid dat dy gemeenteferkiezingen achter de rech binne. Nei oanrin fan dit barren wiene de grutte kopstikken fan ferskate partijen net fan it byld te slaan.
Ik moat sizze ik ha der gjin krommel ferstân fan. Ik hear eiglik by alle partijen. Ik bin yn de polityk folslein in analfabeet. Myn woartels komme ùt in mingde eftergrûn.
Ùs mem stemde eartiids op de ARP, ùs heit op de SDAP en der waard tsjin de ferkiezings stevich oer diskusearre. Letter trouwde ik in VVD-er en ik hâld my by de arbeiderspartij allinnich ùt prinsipe.
“Wa stimme jimme?” freegje ik de soanen. De iene seit; “Ik stim net.” en de oare wit it net. “Is er noch idealisme?” freegje ik my ôf.
As binne de tiden sa feroare dat ferkiezings net mear belangryk binne? Hat de foarùtgong ùs oare idealen brocht? De tiid silt leare.
De natuer lûkt him gelokkich nearne fan alles oan.