Maitiidsridel
Ik ha gjin rêst mear yn it gat, ik ha de ridel yn it gat. Der moat fan alles om my hinne barre.
De planten dy yn it hok oerwintere ha komme nei in lang skoft wer foar`t ljocht. Wat soe er noch fan oerbleun wêze?
Ta myn grutte foldienes hoech ik neat wei te smiten. As tank krije se in bots wetter, nije modder en in komplimintsje. “Goed dien, jonges.” sis ik en sykje in gaatlik plakje wer `t se hun mar ûntjaan kinne.
“Sikest sto it tùnmeubilêr efkes op?” freegje ik him. “Leave skat,” seit er foeterjend; “der kin noch wol in pak snie komme as de âlve stêddentocht.” Hy mei altyd graach oerdriuwe.
Mar ik bin nèt te hâlden. Fan de iere moarn oant de skimerjûn bin ik dwaande. De minsken om my hinne wurde deawurrich fan myn geskrep. Troch in ûnsichtbere krêft wurd ik opjage?
Selsfoldienens oerfalt my. Wat is er no moaier dan om de natûr as kameraat te hawwen? Sûnder him –har- soe al dat gewrot neat op opleverje.
Tebrutsen lis ik de oare dei ûnderùt.
Tja, fan’e wieke noch fol enthousiasme alle rúten fan bûten dien, mar it wie hjoed mar wer kâld. mar dochs, de rúten binne wer skjin. Sa dat, lit no de hjerst earst mar wer komme.