Uniens
“Wêrom net yn it Frysk?” freegje ik. We sitte wer es byinoar om in stik as wat jierdeis te fieren.
Omdat wy meielkoar âlder wurde smite wy de jierdeis op in bult. En ik moat sizze; it binne geselliche dagen. En as de kofje en de Oranjekoeke oan kant is komt de borrel op tafel. En net allinne de borrel mar ek de diskusjes. Se geane oer polityk, kwalen, krupsjes en rabberij .
“Wêrom net yn it frysk?” rop ik lûd om der tusken te kommen. Ik ha in bertekaartsje yn ‘e hân fan ien fan myn nichten.
“It is dochs in moai kaartsje?” seit myn suster dalik yn de ferdediging. “Prachtich,” sis ik; “mar it wie noch moaier as it yn it Frysk west hie.” “Ik bin net sa Frysk.“ seit se en priuwket fan har advokaatsje.
In broer dy oan ‘e Beerenburg sit falt har by, de oaren hâlde har wiislik stil. Mar dan binne sy by my oan it ferkearde adres. As ik earne achter stean dan is er gjin hâlden oan. “Jonges,” sis ik; “jimme kinne dement wurde as Alzheimer krije mar dan kinne jimme my allinnich begripe en ferstean.“
“Nò, dat sil noch wat wurde,” seit myn broer; “der sjoch ik nò al nei ùt.”
Uniens? Wolnè, it liket mar sa.