Oppenearje
Ik mei my noch wol es oppenearje en myn miening earne oer sizze. En dat wurd net altyd wurdeare. En omdat ik tink dat elts rjocht fan sprekken hat sis ik it yn dùdlike taal sûnder omwinen.
Ik ha leard troch skeade en skande mar dochs myn aard ferleagend him net. It beperket him net mear ta de neiste omkriten ; de kring is grutter wurden. Facebook en Twitter jouwe romte om jo miening te sizzen.
Mar jammer genoch wurd it medium somtiden troch de lju misbrûkt.
Hja kinne hun gramme en ûntefredenheid der yn kwyt. Der troch kinne der minsken ek beskramme wurde. En der pas ik foar. Je miening sizze mei elts dwaan mar ha begryp foar in oar syn mentaliteit en ynstelling.
Ik sis dit nò wol mar hâld ik my der sels oan? We bliuwe minsken en binne faaks hurdlears.
Ik sil my ferbetterje. Dat ûnthjit ik.
Ik moast hjir best wol om laitsje. Ik ha dat ek. Ik ferhjit noch wol ris dat tekst hurder oankomt op it skerm as dat jo it ferbaal sizze soene (wit net of dat geef Frysk is).
Oan de oare kant; ik bin wa ik bin en kin der min oer, dan is dat net oars.
Ik kan de tekst niet helemaal volgen
maar het nostalgische beeld maakt mij vrolijk