Skimerjûn
Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht.
Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is?
Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske hat him deljûn en de lêste kroechrinners besykje hielkrêftich thus te kommen.
Ik ha wat mei skimerjen.
By myn pake en beppe gong it ljocht net earder oan as it tsjuster waard. En as wy sa byelkoar siten dan kamen de ferhalen oer eartiids. Ik koe er net genoch fan krije.
Sa as myn pake en beppe yn hun jonge jierren te dûnsjen gongen op `e Ûlesprong. En dan yn de neare nacht mei in pontsje oer moasten en de wâl net mear fine koenen.
Al die ferhalen sloech ik op yn it boek fan it ûnthâld. En nò, nei safolle jierren, begjinne se wer te libjen. Ik bin wêrom yn de tiid.
“Komst yn `e hûs?” ropt er. Skril fal ik wêrom yn in hiele, hiele oare ieu.