Ferlitten
Wêrom fiel ik my ferlitten?
It is wer safier: de lju om my hinne wurde unrêstich. Se wolle op reis en wolle fuort. Se hawwe genoch fan hun wurk en de minsken om hun hinne.
De oerbuorman hat syn caravan ùt de berging helle en foar ùs glêzen set. Oan de oare kant fan ùs wurd de optearcaravan ùt probeare . “Nije wike gean ik in pear wike nei Kroatië.” seit de soan.
Ùs mem wie yn de bouwfakânsje jierdei en dat wie net bêst fansels. Se tocht dat se de ienichste op de wrâld wie dy oerbleun. Wy foene it mar oanstellerij. Oandacht lûke. Op ùs gefoelens ynspylje.
En nò bin ik sèls sa.
Wat is dat dochs dat minsken in oare omjouwing nedich hawwe? Der komt in ferlitten gefoel oer my.
Unopsetlik moat ik tinke oan de tûzenden flechtelingen dy yn ùs lân feiligens sykje en alles achterlitte moatte. Hoe ferlitten moatte sy hun wol net fiele?
Ferlitten? Ik moat my skamje ta de teannen ùt.