Identiteit
“Jo identiteitsbewiis is ferrûn.” lit de gemeente myn man witte.
“Ik hoech gjin nije.” seit er; “Wer ha ik him foar nedich? Foar it sikenhûs en de bank ha ik al in bewiis. It kostet allinne mar jild.“
En sa skinke wy der gjin oandacht oan. Oant de stembiljetten foar de Europeeske ferkiezingen op `e moatte falle. “As sto stimme wolste dan moast dy indentifisearje kinne.” sis ik.
Omdat hy perfoarst stimme wol steane wy efkes letter foar de baalje. Mar dat giet sa mar net; wy moatte earst in ôfspraak meitsje.
In wike letter steane wy wer by it selfde frommeske. Kreas oerhandigje ik de nedige paperassen ynklusyf in goed lykjende pasfoto. “Dizze foto is nèt goed.” seit se; “Jimme moatte in nye meitsje litte. De ôfmjittingen doge net.”
En sa sitte wy efkes letter by de fotograaf. “U moet een beetje lachen.” seit se. “Wêrom?“ seit er; “D’r is neat te laitsjen.” “Toe maar.“ seit se; “Een klein glimlachje maar. De mond dicht en het hoofd een beetje schuin.”
Efkes letter stean wy wer by it frommeske fan de baalje. It is ynoarder. Allinne noch in nije ôfspraak meitsje om it persoanlik op te heljen.
Wurrich en mei in lege ponge komme we thus.
“No, bin ik al 85 jier in fries en no wurd er noch oan my twifele.” seit er ferûngelike. En dat allegearre foar Europa …