Nachtlik besyk
De doar jout in pieperich gelûd. Fremd, dat docht hy noait yn ‘e nacht.
Ik sit by de tafel en kin net sliepe. Dat komt tsjintwurdich faker foar. Ik fyn it net slim; woldiedich is de stilte om my hinne. Myn holle is fol mei prakkesaasjes oer juster. Oer dei opslaan en ‘s nachts oer nei tinke, dat befalt my goed.
Mar dizze nacht is oars: ik bin net allinnich. Njonken en tsjin oer my giet ien sitten. Yn it ljocht fan de strjitlantearne sjoch ik de manlju sitten.
“Wat dogge jimme hjirre?” freegje ik.
“Wy moatte frijwilligenswurk dwaan.” fan de oerheid; “We koene kieze foar oerdei as de nacht. We ha keazen foar de nacht.”
“Befalt it wat?” freegje ik. “Hiel goed en it wurd ek noch goed betelle. Boppedat, jo komme noch es ergens. It jout ferdivedaasje.”
“Is hjir ek noch wat foar jimme gading by?“ freegje ik. Se sjogge om hun hinne yn it ljocht fan de bûslantearne.
“Ik ha `t al sjoen.“ seit de lytse; “In wyld hynder kin hjir mar raak ramaaie.” Se stappe op. Ik hear de doar piepjen en de stilde falt as in tekken om my hinne.
De oare moans steane er kopkes op tafel. Ik sjoch om my hinne: alles stiet er noch.
Een echte thriller!