Serene stilte
It is sneintemoarn. Dea stil is it om my hinne. Ier en betiid bin ik troch it fûgelfolk wekker makke.
Om fjouwer oere begjinne se al warber te wurden. De âlde lju wurde aktyf want al dat lytse guod moat fuorre wurde. Bûten it getsjirp om is er in woldiediche stilte.
Ik sit te mimerjen wylts ik om my hinne sjoch. It is de moaiste tiid fan `e dei. Jo kinne jo tinzen mar gean litte en hoeche jo nearne om te bekroadzjen. In hoane wurd wekker mar it lûde keakeljen hat gjin gefolch by it hinnefolk.
In jongfeint dy al in setsje sûnder wurk siet sei es tsjin my; “De moaiste tiid foar my is de sneintemoarn.”
“Hoe sa?” frege ik; “Dan bin ik net allinnich dy wurkleas is, dan binne se it allegearre.” It er net by hearren, dat lei him heech.
De serene stilte wurd ferskuort troch it lieden fan de Roomske toer. Efkes letter begjint it kariljon deuntsjes te spyljen.
Krebintich gean ik oerein. It hat wer goed west foar in hiele wike lang.