By it opromjen fan in kast kamen my in pear skuontsje te miette.
Eartiids wiene se wyt west mar troch it skowen fan it poepertsje oer de grûn wiene se feal wurden. Want rinne wie der noch nèt by fansels.
In riemke mei in knoopke moast it skoechje oan de foet hâlde. Sa waarden de earste stapkes set mei fallen en opstean.
It gong nèt samar; dan wer lilk en dan wer grutsk skarrelde hy troch de keamer. Nettsjinsteande bulten en blauwe plakken sette hy troch. It doel wie ommers te rinnen krêkt as heit en mem! Us bisten hiene do in prachtige tiid want se hiene in boaterskammeraat er by krige.
Sa sit ik te dreamen mei it gat op ‘e flier en de skuontsjes op `e skurte.
It fallen en opstean yn syn libben is bleun mar troch de skuontsjes hat hy leard om ek wer omheech te kommen.
En dat is no fyftich jier allyn.
Sèft stryk ik mei de hân oer de âlde skuontsjes en tink oan him …
