Boarnsigge
Jierren allyn kochten wy in boat ùt in faillissement. De boat wie brûkt as sleepvlet op de Westerschelde.
Hy wie inketswart en seach er net ùt. Mei hielle grutte giele letters stie er op “Prins Wannes de Tweede“, neamd nei in carnavals prins.
En sa kamen wy oanfaren yn it plak wer`t wy wennen. Rûnom stiene minske op de wâl hun kommentaar te jaan. Al ridlik gau hiene wy in namme foar him. De “Boarnsigge” Myn man ek ik binne beide berne oan de igge fan de “Boarn“.
Folle reizen hawwe mei it skip makke. Faaks wie Denemarken it doel fan de reis. We hawwe fan alles op dy reizen belibbe. In kear hast troch lekkerij mei skip en al nei de djipte. Mar ek de Eastdùtske marine achter ùs oan, hja fertrouwden it net.
Undanks de drokke gystene tiid fan in eigen ûndernimming hawwe prachtige jierren fan ûntspanning hân. Wy wiene dan wer as hùshâlding byinoar.
Prachtige oantinkens dy net ien ùs ôfnimme kin.
“Prins Wannes de Tweede “as de “Boarnsigge“; tige tank foar al dy jierren dat jimme ùs feilig thus brocht hawwe.