Hûnesoargen
Us Max hat soargen. Ik sjoch it oan syn gesicht. Syn iene ear stiet omheech en de oare leit plat op de kop.
Ik sit nei him te sjen en wol witte wat er geande is. In hûn mei soargen kin ik net oer. Jo witte noait wat er yn san kop omgiet.
Sy kinne hun net ùterje krèkt as minsken somstiden. Se slane ticht as jo it der op oanstjûre.
“Sis it mar.” sis ik en ai him oer de kop. Dan komt it hege wurd er ùt. Hy hat it nijs sjoen en it minskesjoernaal sei: “Der komt in nije wet oan: jo meie hûnen en katten net sa mar mear ôfmeitsje.”
“Nò,” sis ik; “dat binne dochs goeie berichten?”
“Ja mar,” seit er mei in djippe tear yn syn kop; “as ik no es demint wurd as ik krij kanker? Wat dogge jimme dan?“
“Jonge.” sis ik; “Wy sille der altyd foar dy wêze. As it beslist net mear kin, dan oerlizze wy dat mei de bistedokter. Moast wol dùdlik meitsje hoe ast it ha wolste, dan lit ik it fêst lizze by de bistenotaris.“
It oare earke stiet nò ek omheech. Tankber sjocht hy my oan. Wy witte dat wy op elkoar oan kinne.
Hy sjocht tefolle televyzje. Der moat mar in hûneslot op …
Ach, dat alde mantsje toch. It falt allegearre ek net mei.
Haha, geweldich, Wokke.
Eigenlijk is het heel triest. Je hebt het mooi opgelost voor Max, hopelijk is het niet nodig.