Op de filmset
Mem,” seit de soan; “ik moat foar myn oplieding in film meitsje. It is foar it eineksamen. Ik moat alles op alles sette oars sakje ik en moat ik alles op ‘e nij dwaan.”
En wat doch jo dan as mem? Dwaan wat dy jonge seit.
“En no hinget it hielendal fan jimme ôf as ik slagje as net.“
“Nò,“ sis ik; “der seist noch al wat.”
‘Ik ha sa tocht, ik meitsje in film oer ùs heit. Dy man hat safolle meimakke yn syn libben, dat er is stof genoch.“
Sa sein, sa dien.
Us keamer wurdt om tovere ta filmstudio, klokken en skilderijen binne fan de muorre. Stuollen en tafels steane ferspraat troch de keamer. De ôffâl amer wurdt brûkt as statyf, de blommen binne ùt de finsterbanken.
De man wer`t it om draait sit al oeren te wachtsjen op it yntervieuw, hy wurdt er al sloech fan. Max wurdt bûtendoar set, hy mei gjin lûd jaan as hin en wer rinne.
(Ik freegje my ôf; “Soe dat yn Hilversum ek sa gean?”)
“Wat hat heit it measte sear dien yn syn libben?” freget de soan. It binne ien op ien fragen dy my reitsje.
“Kom, Max!” sis ik; “Wy geane fuort.” en ferlit de filmset.