De beam
“Wolst dit beamke ek ha?” freget myn suster; “Hy is te grut wurden foar ùs balkon.”
Sa dwaande kaam de beam by ùs yn de tùn te stean. Ik wit net wat it wie mar it klikke daalks tusken ùs. Fan doe ôf oan pasten wy in bytsje op elkoar.
As yn de maitiid de knoppen oan de beam kamen joech hy my in gefoel fan in nij begjin. Simmers siten wy yn `t skaat ûnder syn wyd fersprate tûken. En yn de hjerst holp ik him om wat er fallen litten hie op te rêdden.
Fûgels fan allerhanne slach fûnen ûnderdak by him. Yn tiden fan fertriet wie hy der foar my, sûnder wurden begrepen wy elkoar. Yn fleuriche tiden koe hy der ek wat fan mei slingers, ballonnen en ljochtsjes .
En no moast hy omseage wurde. “Hy is syk.” sei de buorman dy tùnman is.
We hawwe ôfskie naam sûnder wurden. Der komt in jongeloat foar him yn `t plak ha ik him ta sein en sa bliuwt hy foart bestean.
“Dei!” sis ik en draai my om …
Tsja. Wat seit dat Frânske sprekwurd ek alwer? Ôfskie nimme is in bytsje stjerre…
Moaie foto eigenliks!
Sinne en driigjende loften krekt as yn in minskelibben barre kin…
Een fijne metafoor.
Skande… sad 🙁