Flecht op `e koai

Der is noch al wat geande yn de sektor soarchtehûzen hjoed-de-dei. Troch steatssekretaris Van Rijn syn heit is de âldereinfersoargings wer op `nij ûnder  de oandacht kaam.

Dat die my tinken oan ùs mem. Doe sy demint waard kaam sy troch in protte omtoarkjen yn in tehûs foar sok soart pasjinten. Earst wie se dea ungelokkich dwers en ferkeard. Mar geande wei waard it better: se krige medikaminten dy by har situaasje pasten.

It kaam selfs sa fier dat se gelokkich wie. Yn har jonge jierren wie se tsjinstfaam west by in boer en boerinne en dat kaam stadichoan allegearre werom.

Ta wy berjocht krigen dat se yn it sikenhûs lei mei in brutsen heup. Hoe dat kaam ha wy nea witten. Letter hearden wy se hiene har ferjitten op it huske  en sa wie se der ôffallen.

Nei dy tiid woe se neat mear fan de boer en de boerinne witte, dy hiene it bedoarn. As bern hawwe wy der nea wurk fan makke… se wie der ommers gelokkich!

It is mar goed dat er no flecht op `e koai is.

LÊS EK:  Debat op 2
comment_count comments
Oldest
Newest
Oldest

Comment as a guest:

>