Mankelikens
Foar dat ik oan it nije jier begjin mei ik graach efkes werom sjen. Sûnder dat ik it wol komt er in gefoel fan mankelikens oer my.
‘Dy gefoelens binne foar âlde minsken‘ ha ik altyd tocht. Mar no doch ik er sels oan mei.
Tinzen oan wat it my brocht hat en wat ik los litte moast. Wer ha ik minsken mei skeint troch koarsichtigens. Âlde freonskippen binne weiwurden en hawwe liddiche plakken achter litten.
Ek de technyk hat grutte stappen yn myn libben makke, faaks tsjin wol en tank. Mar de jonges wolle in mem dy mei dwaan kin. Somstiden sit ik foar de tillevyzje mei de smartphone in programme te sykjen en mei de ofstânbetsjinning te skiljen. Sûnder dy dingen soe it ek net mear kinne mar wenne moast it wol.
Stadich oan ferdwynt de mankelikens en komt er blidens foar yn `t plak. Ik fiel my in befoarrjocht minske dat ik dat allegearre noch meimeitsje mei.
Kom mar op, jonges mei jimme oantrunen fan nije untwikkelings.
Jimme mem is klear foar 2015.
De tiid fan wer werom sjen yn de tiid. Ik ha der no al lest fan.
As ik sa werom sjoch tink ik dat de keunst fan âlder wurde is tot oant it ein de dei fan hjoed libbend is. Mei de tiid meigean, minsken om je hinne wer je je oan opskerpje kinne en in meaning bliuwe hâlden oer wat der bat en wat je rekket en dwaan wat je dwaande hâldt.
Oer dat je wiis wurde mei de tiid hoop ik dan mar op.
By de tiid bliuwe , ik doch myn bêst. Mar it is wol in bannige tiid om by te bliuwen…