Samler
Ik bin in samler. Net fan aaidoppen, teepôtten as jiskebakken mar fan it dregere wurk. Ik garje dakpannen.
“Wêrom dakpannen?” sille jimme sizze.
Ik rûn es oer de Dracht en der waard in âld winkelpand sloopt. In grutte container stie midden op ‘e dyk en alles waard der fan grutte hichte ôf yn smiten.
Boppe op de bult lei in geve dakpanne, miskyn wol fan in pear hûnderd jier âld. It wie krekt as winke hy my. Om him sa mar mei te nimmen wie wol wat fremd dus ik opsyk nei foarman.
“Wat dogge jimme mei dy dakpannen?” frege ik him.
“Ôffâl frou.” sei er. “Mei ik dy boppeste panne wol meinimme?” freegje ik. “Ach, minske.” seit er; “Nim dy hiele container mar mei. Dan binne wy der ôf.”
En sa stiet op in opfallend plakje de nokpanne fan Keninklik Tichelaar ùt Makkum.
“Kinst dizze panne ek brûke?” seit in man fan ùs tsjerke. It is in bysûndere ien ùt 17 hûndert.
Dan moat ik tinke oan al dy minsken dy ûnder dizze dakpannen har libben yn blidens en drôvens belibbe hawwe …
It binne foar my gjin deade pannen. It binne libbensferhalen.