Oant ein fan dit jier oersjoch ik myn ‘tidenhawwetiden‘ noch es. Dit jier hat my fan alles brocht, sa wol wille as fertriet.
Mar hjir koe ik myn aai kwyt. Tûzend kear ha ik my foarnaam; ik hâld er mei op. Ik krige minder lêzers en foarby gongers. “De minsken binne op my ùtsjoen.” sei ik tsjin myn man. “De wrâld is flechtich wurden, de lju lêze it en bin it wer fergetten.” seit er.
Mar it is krekt as mei in keamer behingjen; jo wolle de miening fan in oar hawwe. Eiglik freegje jo om goedkarring. Dat stimuleert dat jout moed om troch te gean.
En ik moat earlik sizze; it hâldt my yn `e besnijing. De ferhaaltsjes binne ek sa frekwint net mear as it eartiids. Ôfrûne wike wie der in steauring. It gefolch wie dat ferskate Friezen-om-ùtens fregen wer `t de side bleun wie. In Burgumer dy al tritich jier yn Ohio wennet frege; “Leit it oan my as oan dy? Ik kin dy net mear krije.“
Dus minsken; ik gean der mar mei troch salang it kadaster -de kop- mar goed bliuwt.
Lokkich en sûn 2015 foar elkenien. Wer `t jimme libben him ek ôfspylje mei!