Frijwilligerswurk
“Ik ferhip it.” seit de jongeman tsjin my. “Wat ferhipst sto?” freegje ik him.
“Troch dat ik in ùtkering krij wurd ik foar alles ynset. En dat wol ik wol want ik bin net lui. Mar no sit ik mei in hernia thùs. Ik moast kasten fersjouwe yn de ‘Lege knip’. Der fiel ik my net te beroerd foar hear mar ik bin dat swiere wurk net went.”
“Wer bist sto dan foar oplieden?” freegje ik. “Ik ha Delft.” seit er; “Mar ik kin gjin wurk krije.”
Myn neiste buorman hat ek in ùtkearing en moat ek ferplicht frijwillegerswurk dwaan. Hy wennet allinnich, wie der earst faaljekant op tsjin. De man is hielendâl opbloeid. Hy is wer yn tel, se hawwe him nedich.
Okkerdeis wie hy jierdei en de keamer siet fol mei tankbere minsken. It regear wol it no ferplicht stelle. Ik wit net as dat wat ùthellet. Elts moat dwaan wer`t hy as sij goed yn is tinkt my.
“Jelke rop ik; “”Wost efkes in skilderij ophingje? En it hùske is ek ferstoppe.”
Wat moasten wy sûnder frijwillegers? Der is in nije merk ontstien en der is ien dy der hiel bliid mei is …
Ik zou er ook heel blij mee zijn!
Merk hier niets van al die werklozen en vrijwilligerwerk. Ben al een maand op zoek naar een rolstoelduwer, maar al die werklozen hebben het heel erg druk.