Taalargewaasje
“Wolsto efkes lêze?” seit myn broer en rikt ien de Bibel oan. We fiere ùs jierdeis meielkoar, dat is troch de jierren hinne wisânsje wurden.
Ùnder de oanwêzigen sit in grut ferskaat yn de wize fan leauwen. En ik moat sizze, dat giet altyd wûnderbaarlik goed. Wy hawwe respekt foar elkoars oertsjûging. Der is in Menist by, in Baptist en twa PKN-ers.
We binne de lêste jierren went om meielkoar te iten. Nei de kofje de burrel dan de iterij. Oan`t ein wurd er in passend stikje ùt de Bibel lêzen mar altyd ùt de Nederlânske fertaling.
“Hast net in Fryske Bibel?“ freegje ik him.
“Jawol,“ seit er; “mar dy is my te dreech om te lêzen.”
“Jonge,” sis ik mei argewaasje; “do wist net wasto mist. Fan al dy oersettings hat bliken dien dat de Fryske oerset it tichste by komt.”
“Jou mar op.” sis ik en lês steande yn myn Memmetaal ùt it Heiteboek.
Sa gean wy letter op wei nei hûs: de Menist, de Baptist en de twa PKN-ers.
Sa kin it ek!
Us mem lies ek út de Fryske Bibel foar. In Bibel mei allegear ‘losse stikjes, gedichten en ferskes deryn en kaartsjes. Ek in moai útskoart stikje oer “houden van”. Dat ha ik oan har beppesizzer jûn.doet se 15 wurde.
Dêr giet it hjoed yn Parys ek om: respekt foar elkoars wêzen en leauwen :
Wat schrijf je trots dat je het Heiteboek in je Memmetaal leest.