Wat seist, leave?
De Provinsjale Ferkiezingen komme der oan.
Noch efkes dan kinne wy gjin radio as televysje oansette as der is wer in minister as steatssekretaris oan it wurd. Hja belove ùs fan alles: it sil allegearre better wurde foar elkenien.
De sûnenssoarch, de wurkleazens en de kriminaliteit, ensafuorthinne: it sil allegearre better wurde.
De earste oftraap is al west troch Diederik Samson. Syn ferkiezingsslogan sil wêze; dat de bern fan trije jier nei skoalle moatte. Diederik is 80 jier te let berne. Jo kinne merkbite; hy komt net ùt myn doarp.
Doe ik trije jier waard koe ik nei de bewaarskoalle en sa trochstreame nei de basisskoalle. Neat wachtlisten: ik koe sa komme. Ien ding wie wichtich: it bern moast skjin en himmel weaze. Hja hiene in glandige hekel oan ruften en pispotten.
Mei trije jier nei skoalle en dan leafst direkt Ingelsk leare. Dat is wat min wol!
Noch eefkes, dan kinne wy ùs eigen bern net mear ferstean.
“Wat seist, leave?“