Selfke
We sitte tegearre op `e bank, sy en ik. We sitte te genietsjen fan de iere moarnssinne.
Wy kinne mekoar al jierren sis mar ùs libben lang. We sille mekoar altyd trou bliuwe want we hearre byelkoar. Want sy is my en ik bin har.
Mar dochs lizze wy faaks yn unmin. It iene momint is it oare net. Somstiden ha ik in ôfgryslike hekel oan har, faak lult se der mar op los. Dan sis ik; “Dat hiest net sizze moatten. Do hiest belove om dy stil te hâlden.“
“Ja mar… Do praast dyn mûle ek wol es foarby.” seit sy dan wer.
By tiden hat se ek wol gelyk en ha ik in yngrevende hekel oan mysels. Ik mei graach de grinzen opsiikje. It lêste glês hie net moatten en en de sûkelade flikken hie ik fan ôfbliuwe moatten.
“Mar do hast ek goeie eigenskippen.” giet sy fierder; “Sa as bygelyks yn de leafde: do silst net gau fremd gean. Trou en earlik bisto.
“En do sist samar op ‘e kast en wol dyn gelyk helje.” sis ik wer. En sa sitte sy en ik mekoar faak yn de hierren en kin it net iens wurde.
En dochs binne wy ien en sille oant ùs dea oaninoar ferbûn wêze.
Selfke… Ik hâld fan dy sa as sto biste.
Moai, en ja hy sit ik yn my….werkenber!!
Mooie vriendschap omschreven.
Hoe âld ik ek bin, noch kin ik mysels net,,,