Hoe no fierder?
Nei al dy dagen fan oarlochsbetinkings en befrijingsfeesten bliuw ik mei in leech gefoel achter. Gefoelens dy oer elkoar hinne rôlje.
Mei al dy ferhalen fan minsken dy de ferskriklikste dingen meimakke hawwe, moat ik de oare deis al wer oan `e Oranjekoeke en de Oranjebitter.
Ik wit net hoe jimme der oer tinke mar ik ha der muoite mei.
Ik moat yn rap tempo my omskeakelje fan in trien nei in laits. De generaals wer it lân ùt en wy gean wer nei de oarder fan alle dei.
- Hawwe dizze dagen ùs wer wat leard? tink ik by my sels.
- Hat it ùs wer sjen litten wat it is om ûnder in ûnderdrukker te libjen?
- Hawwe mei dizze betingkings nò ek wat mear begryp krige foar de flechtelingen dy ùs lân oerstreame?
Ik wuolje de flagge om ‘e stok. Foar in jier giet er wer de kast yn.
Ien ding hat it my dizze dagen wol wer dùdlik makke: Frede it kostberste is wat er bestiet.
Hoe no fierder …